De 4 doarpen

Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum

Ronja de rôversdochter

Toanielferiening ‘Fuort mar los’

Skippersbuorren 1, 8734 GT EastereinParseberjocht

Easterein, 10 maart 2019

Fuort Mar Los Jongereintoaniel Easterein spilet: Ronja de Rôversdochter!

Op 29 en 30 maart 2019 binne de úfieringsjûnen fan de jongereinôfdieling fan Toanielselskip Fuort Mar Los. Mei 18 jongereinspilers, twa begelieders en it bestjoer, binne we sûnt oktober oan it repetearjen foar it stik, “Ronja de Rôversdochter”. De bewurking dy’t wy sjen litte sille bliuwt ticht by it oarspronklike klassike ferhaal oer Ronja, dochter fan in rôverhaadman. It ferhaal spilet in pear hûndert jier lyn doe’t der noch mysterieuze wêzens yn de bosken wennen en der oeral gefaar op de loer lei. It giet oer libjen en dea gean, wille en fertriet, goed en kwea, leafde en striid . Oer hoe’t jonge minsken leare moatte fan âlde minsken en hoe’t âlde minsken leare kinne fan jonge minsken.

Wy sille jim meinimme nei in lang ferline tiid doe’t it libben rûch wie en fol gefaar mar mei tema’s dy’t wy hjoed de dei noch altyd herkenne. We sille foar jim sjonge en dûnsje yn in grut dekor en nije dingen útprobearje dy’t wy sels ek tige spannend fine. It belooft in hiel spektakel te wurden!

It is in stik fan Astrid Lindgren en de rezjy en bewurking is yn hannen fan Theresia Zeinstra mei help fan Ilke van Wermeskerken.

Spilers, rezjy en bestjoer fan it jongereintoaniel, nûgje jim allegearre fan herte út te kommen nei ús útfiering fan “Ronja de Rôversdochter”!

De útfieringen binne op freed 29 maart om 19:30 oere en sneon 30 maart om 19:30 oere yn de seal fan Restaurant Partycentrum Noflik Easterein, Sibadawei 2 te Easterein. Eltsenien is fan herte wolkom foar in noflike jûn.

De tagong kostet € 5,00 foar folwoeksenen en €3,- foar de bern . Op beide jûnen is der in ferlotting mei moaie prizen.

-------------------------------------

Mear ynformaasje is te krijen by;

Baukje Stavinga, Skippersbuorren 1, 8734 GT Easterein

tel. 0515-856536 /e-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.

De4doarpen.nl

AEDknop
Foto, verslag of uitnodiging, 
stuur het naar de Webredactie!
IconMail IconNieuwsbrief IconFacebook IconTwitter

Twitter @De4doarpen