Itens
Itens is it doarp mei de measte ynwenners en foarsjenningen fan de
fjouwer doarpen. Sintraal yn Itens kin men it doarpshûs/kafee
"De Lytse Fjouwere" fine. Winterdeis hâldt hast eltse
feriening dêr op in fêste jûn syn
aktiviteiten, útienrinnend fan twa biljertferieningen oant
in toanielklub. Simmerdeis is de keatsklub aktyf dwaande op it
sportfjild en mannich toerist stapt fan 'e fyts ôf om efkes
nei dit sportive barren te sjen. Ek is it mooglik om te oernachtsjen by
"Bêd en Brochje" oan 'e Hearedyk. Fierder stiet yn Itens de
gearwurkingsskoalle "De Romte". Sa tusken de 50 en 60 bern fan de
fjouwer doarpen sitte op dizze skoalle. Nei skoaltiid kinne de bern
harren fermeitsje yn boartenstún "Yn 'e Golle" of op it
sportfjild.
Rom tsien jier lyn is de iennichste winkel yn Itens tichtgongen. Hjir
koe men de deistige boadskippen helje. De winkel hie ek in sosjale
funksje, minsken moeten elkoar dêr en de lêste
nijtsjes koe men der hearre. Lykas yn safolle oare doarpen op it
plattelân koe de winkel net mear konkurrearje mei de
supermerken yn omlizzende plakken as Wommels en Snits. Wol komt de
ridende winkel noch twa kear wyks del. Dêr kin men ek fan
alles krije. Al mei al is Itens in lyts doarp, dêr't in soad
te dwaan is en wêr't it noflik wenjen is.
Itens is het dorp met de meeste inwoners en voorzieningen van de vier
dorpen. Centraal in Itens ligt het dorpshuis/café De Lytse
Fjouwere waar in de winterperiode bijna elke vereniging wel een vaste
avond in de week zijn activiteiten houdt, variërend van de
twee biljartverenigingen tot de toneelclub.
In de zomer kunnen toeristen en "dagjes mensen" genieten in Itens van
de vele kaatspartijen en er is het mogelijk om te overnachten bij een
"Bêd en Brochje".
Ook staat in Itens de samenwerkings-school "De Romte", die door de ruim
50 kinderen van de 4 dorpen wordt bezocht. Na schooltijd kunnen de
kinderen zich vermaken in de speeltuin "Yn 'e Golle" of op het
sportveld. Ruim tien jaar geleden is de enige kruidenierswinkel in
Itens gesloten. Hier kon men de dagelijkse benodigheden verkrijgen. Ook
had de winkel een sociale rol waar de nieuwtjes werden uitgewisseld.
Net zoals in vele dorpen van het platteland is de winkel gesloten door
de hevige concurrentie van de grote supermarkten in de omliggende
plaatsen zoals Wommels en Sneek. Wel komt er nog 2 keer per week de
"rijdende winkel" die de inwoners voorziet van levensmiddelen. Al met
al een klein dorp met veel mogelijkheden, waar het fijn wonen is.