Histoarje
wurd foarôf
As âlde of nije ynwenner fan ien fan ús doarpen is
it faaks wol nijsgjirrich in bytsje te witten fan it gea
dêr´t jo no wenje. Doarpsbelang hat my frege yn
koart bestek wat te fertellen oer gea en doarp. Om´t wy yn it
hert fan Fryslân wenje skriuw ik myn ferhaaltsje yn it Frysk,
ek dat is een aspekt fan it gea dêr´t jo yn wenje.
As jo graach in oersetting yn it Nederlânsk hawwe wolle,
binne der grif ynwenners dy´t dat fertelle wolle en oars kin
jo wol ien fan my krije.
Als oude of nieuwe inwoner van een van onze vier dorpen is het
misschien wel interressant
om iets te weten over de omgeving waar u in woont. Het dorpsbelang
heeft mij gevraagd
om in kort bestek iets te vertellen over de dorpen en hun historie.
Omdat wij in
het hart van Friesland wonen schrijf ik mijn verhaaltje in het Fries;
ook dat is een aspect van deze omgeving. Wanneer u een vertaling in het
Nederlands zou willen
hebben, zijn er vast inwoners die dat willen vertellen en anders kunt
wel een vertaling
van mij krijgen.
Douwe Willemsma
In stikje skiednis fan ús Fjouwer Doarpen
Miljoenen jierren is der in proses oan de gong
dêr´t grûnlagen yn foarme binne. Dat
proses slane wy hjir oer en wy begjinne sa´n 1700 jier foar
Kristus. De iistiden binne dan foarby dy´t ûnder
oare de grutte stiennen fan de hunebêden hjir brocht ha of it
lânskip yn Gasterlân mei foarme ha. De see kriget
hieltyd mear ynfloed. By Winsum leit op 50 sintimeter djipte in
sânlaach dy´t út dy tiid komt. In 1000
jier letter, sa tusken 700 en 500 foar Kristus hat de see nei alle
gedachten it gebiet eastlik fan Itens en Hinnaard berikt, mar de
kwelder dêr´t Itens, Hinnaard en Monsamabuorren op
leit, lei droech en wie faaks wol bewenne. In oerstreaming
dêrnei hat in klaailaach fan sa´n 20–30
sm efterlitten en om 500 foar Kristus hinne waarden de earste terpen
opsmiten. 300 nei Kristus krige de see wer grutte ynfloed en de dikke
klaailaach dy´t út dy tiid efterbleaun is, is de
ferneamde knipklaai dy´t yn dit gebiet oeral te finen is en
dêr´t jo yn hiemen en túntsjes tsjinoan
rinne. Om 900 hinne, der wienen noch gjin seediken, hat de see wer hiel
agressyf dwaande west (gelearden neame dat Duinkerke III) en
fanút de Middelsee wei waard us gebiet oanfretten. It gebiet
eastlik fan Lytsewierrum, Itens en Hinnaard kaam ûnder wetter
te stean en de see kaam omtrint oan Easterlittens ta. Midden yn dy
slinke lei in hege sânplaat dêr´t "It
Sân" syn namme fan krigen hat. Súdlik en westlik
fan Easterein en Itens hie de see minder fet op it lân. Der
ûntstiene yn dy tiid streamgeulen of slinken dy´t
oant hjoed de dei ta yn it lânskip te sjen binne. Op de
râne fan de hegere kwelders waarden yn dy tiid de earste
diken oanlein. Ien fan de earste diken yn Fryslân wie de dyk
dy´t fan Greate Wierrum, oer Rien nei Itens en Easterein
giet, en dan fierder oer Hidaard en Reahûs wer nei Greate
Wierrum. As jimme goed om jimme hinne sjogge kinne jimme sjen dat dy
dyk letter by Lytsewierrum, Rien (pleats Boschma) en Itens (pleats
Rypma) ferlein is.
In pear historyske bysûnderheden oer de doarpen
Hinnaard
Hinnaard wurdt yn 1175 al neamd as doarp dêr´t de
dielrjochtspraak hâlden waard. De namme fan it wichtichste
doarp is letter ferbûn oan de gritenij en letter de gemeente.
Hinnaarderadiel soe tusken 1329 en 1398 as gritenij ûntstien
wêze. Op Hinnaard hat ieuwen oanien in stins stien mei de
namme Sassinga of Saxla. Doe´t yn it begjin fan de foarige
ieu de terp ôfgroeven waard, is der ierdewurk fûn
út it begjin fan de jiertelling. Oant 1850 ta koene de
Hinnaarders yn Hinnaard nei tsjerke ta, mar "vanwege de
onbruikbaarheid der kerk" wiene de tsjerketsjinsten tenei
yn Itens. Om 1862 hinne is de tsjerke ôfbrutsen. Notaris K.
de Jong betellet dan oan de tsjerkfâdij ƒ 423,- as
opbringst fan de ôfbraak. Yn 1870 bart de
tsjerkfâdij noch ris ƒ 114, 41 foar de
ôfbraak van de toer. Datselde jier wurdt it klokhûs
boud.
Troch grutte ynset fan de Hinnaarder ynwenners is it klokhûs
in 1993 restaurearre. In automaat soarget der foar dat de klok noch 3
kear deis led wurdt. De hinnaarders fiere 1 kear yn de 2 jier it
Hinnaarder doarpsfeest. Dit is yn 1983 ûntstien
om´t it klokhûs der doe beroerd bij stie. In pear
ynwenners ha doe in stik as wat hinnen út it hok helle,
slachte en klearmakke. Op in feestjûn foar de Hinnaarders
binne de hinnen ferorbere. De baten wiene foar it
restauraasjefûns, en oan´t no ta wurdt it feest
noch hieltyd fierd.
Itens
Itens is in terpdoarp yn de Eastereiner polder. By it
ôfgraven fan de terp dêr´t no it
parkearterrein, de boarterstún en it sportfjild lizze, is
ierdewurk fûn fan it Harspstedter type en in potsje dat
neffens argeolooch Elzinga in 1800 jier âld is. Wy soene
sizze kinne dat dy terp yn it begjin fan ús jiertelling al
bewenne wie. Itens hat altyd in lyts doarp west fan yn haadsaak boeren.
R.Th. Zijlstra hat yn 1863 foar it Fries Genootschap in rapport skreaun
oer Itens en dêr stiet dat Itens "een welgelegen
dorpje is" mei net folle earmoede om´t de "meeste landlieden
welvarende en bemiddelde personen waren".
De tsjerke fan Itens is wijd oan St. Merten (St. Martinus) en
oarspronklik fan it midden fan de 13e ieu. Yn 1312 krige de tsjerke in
klok, dy´t der no noch is. De Minnisten ha yn Itens en
omkriten altyd sterk fertsjintwurdige west. De oarsprong leit nei alle
gedachten op in Minnistepôltsje, dêrnei de tsjerke
op Kromwâl en yn 1863 waard it kompleks fan tsjerke,
pastorije en kosterswenning te Itens boud.
Lytsewierrum
Lytsewierrum wurdt al neamd yn in libbensbeskriuwing fan de yn 1275
ferstoarne abt Hoyte fan kleaster Lidlum. In grûngebiet wie
doe folle grutter, no ha Rien en Reahûs der in part fan
kringen. Yn it doarp sels liket it wol as hat de tiid stil stien.
Trochgeand ferkear is der net of it moat in fytser wêze
dy´t oer it binnenpaad nei Rien wol. Dat paad brûke
de bern ek as se nei skoalle moatte yn Itens. De âld skoalle,
opdoekt yn 1934, stiet der noch wol mar is ferboud ta wenning. De
tsjerke mei sealtektoer stiet midden op de terp en is grut foar
sa´n lyts doarpke. Hy is wijd oan St. Gertrudis
doe´t er yn de 12e ieu stifte waard. De Swarte Heap skynt yn
1515 it hiele doarp platbaarnd te hawwen. Yn 1557 wurdt de tsjerke yn
alle gefallen wer opboud sa´t bliken docht út in
in stien yn de sydmuorre. Om de tsjerke hinne steane meast lytse
húskes en noch ien pleats. It doarp is net fersteurd troch
nijbou, mar om misferstân foar te kommen, it doarp is net
dea!
Rien
Rien is ûntstien oan de krusing fan wetter en dyk. It is gjin
terpdoarp, mar in krúsdoarp; der is gjin tsjerke en der
binne gjin winkels (mear). Yn it ferline wie Rien ferneamd om syn
hynstemerk dy´t yn augustus hâlden waard. Yn de
Leeuwarder Courant fan augustus 1770 stie yn ferbân dermei de
folgjende advertinsje :
"Daar word
aan alle Liefhebbers bekend gemaakt, dat de ARMEVOOGD van den Dorpe
Lytkewierum met Approbatie van de Hoog Wel Geboren Heer Jr.B.P.E. van
Humalda (…) op Rienster Voormerkt Dinsdag den 28 Augusty
1770 door Paarden die van zessen klaar en Koopmans Waar zyn, zal laaten
Verrijden: Een Extra fraaye Zilveren ZWEEP (…) "
De trije herbergen fan Rien hiene belang by sa´n evenemint
mar de tsjerke fan Lytsewierrum blykber ek. De hynstemerk fan Rien is
ferdwûn. Oer de Draversdyk draaft noch mar inkeldris in
hynder, it ferkear oer it wetter ferlear de konkurrinsjeslach mei de
auto en de herbergen binne ôfbrutsen of ha in oare
bestimmming krige. Rien waard yn 1954 fan útbuorren ta
selstannich doarp befoardere en is no al wer inkelde jierren beskerme
doarpsgesicht.